Unanime stipe fan gemeenteried Ljouwert foar needopfang

28 sep 2015 - 22:48
  • Friezenhal yn it WTC-Expo

De gemeenteried fan Ljouwert stipet unanym de plannen foar de fêstiging fan in needopfang yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Yn in debat moandeitejûn yn de ried waard wurdearring útsprutsen oer de hannelswize fan it kolleezje. Neffens de riedsleden binne der genôch garânsjes foar de feiligens en is de opfang sa't it no liket goed regele yn it WTC.

Der moat al in soad oandacht bliuwe foar minsken dy't fragen ha oer flechtlingen. As je dy net beantwurdzje, kin der in ferkeard byld ûntstean en ferlies je stipe fan de mienskip.

Nei alle gedachten giet de needopfang op 12 oktober iepen. Der komme dan maksimaal 600 flechtlingen nei de Friezenhal fan it WTC-Expo yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)