Ultrarinster De Groot út race

24 jun 2011 - 16:47
  • Jenni de Groot

Ultrarinster Jenni de Groot út Ljouwert is útfallen yn de meunstertocht fan Los Angeles nei New York. Dat lit de ynternetside fan de organisaasje fan de tocht witte. De Groot wurde befongen troch de hjittens. It wie doe 50 graden.

De wedstryd is ôfrûne snein fan start gien. It giet om 70 etappes tusken de 45 en 95 kilometer mei in ôfstân fan goed 5000 kilometer. Ein augustus is de lêste etappe. Fan de 14 dielnimmers binne no noch 10 yn de race.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)