Ultimatum yn de suvel

01 jun 2002 - 00:00

FNV Bondgenoten stelt de wurkjouwers yn de suvel in ultimatum. Foar 6 juny moat der yngean wurde op de easken fan it bûn, oars komme der aksjes.

It fakbûn wol in ienjierrige CAO mei in leansferheging fan fjouwer prosint en in eindejiersútkearing fan in heal prosint. De wurkjouwers krije it ulti- matum moandei. It CNV wurdt oproppen om mei te dwaan oan de mooglike aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)