Ultimatum taksybedriuw Klomp ferrint freedtemiddei

18 jun 2015 - 19:17
  • Webside taksybedriuw Klomp

Taksybedriuw Klomp hat oant freedtemiddei 12 oere de tiid om in nije jildsjitter te finen. Dan ferrint it ultimatum fan de fakbûnen. It Gelderske taksybedriuw Klomp hat it dreech omdat se in soad ûnrendabele ritten útfiere. Yn Fryslân ûnder oare foar Alliade.

Hûndert Fryske sjauffeurs meitsje sitte dêrom yn oer har baan. Yn maaie is allinnich it fakânsjejild útbetelle. Guon sjauffeurs ha al tiden gjin gewoan lean krigen en wolle gau witte oft dat noch wol komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)