Ultimatum sponsors SC H'Fean

11 feb 2013 - 12:03
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

In groep sponsors fan Sportklup Hearrenfean stelt in ultimatum oan de ried fan kommissarissen. Sy wolle dat der in ûnôfhinkelik ûndersyk komt nei de gong fan saken by Hearrenfean. De sponsors, dy't yn it jier goed binne foar goed 750.000 euro, binne ûntefreden oer it belied fan de direksje.

Yn desimber hat âld-Hearrenfeanfoarsitter Riemer van der Velde al oanjûn dat in ûndersyk troch in groep saakkundigen goed wêze soe foar de klup. De ried fan kommissarissen en foarsitter Veenstra hawwe oanjûn dêr net op yn te gean.

Takom woansdei hawwe de sponsors in petear mei de foarsitter fan de ried fan kommissarissen Wino de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)