Ultimatum foar trou-amtner

23 jun 2001 - 00:00

De amtner fan de boargerlike stân yn Ljouwert moat meikoarten oanjaan oft se homopearen trouwe wol. Earder wegere se dat twa kear. As se by har beswieren bliuwt, wurdt se net op 'e nij beneamd.

It COC yn Fryslân is bliid mei it beslút fan de gemeente Ljouwert om it ultimatum te stellen. De kwestje kaam nei bûten doe't de COC-foarsitter bekend makke dat de amtner syn ûndertrou wegere hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)