Ultimatum foar Kooistra

11 jan 2012 - 12:42
  • Logo FNV Bondgenoten
  • Kooistra kleding Winschoten

Fakbûn FNV stelt it Fryske kleanconcern Kooistra in ultimatum: it bedriuw moat him hâlde oan de cao èn ophâlde mei it yntimidearjen fan wurknimmers. Dat seit Gea Lotterman fan de FNV. Kooistra hat 10 saken yn it Noarden. Fiif sitte yn Fryslân en it haadkantoar sit yn Ljouwert. It fakbûn seit dat Kooistra betiden te min betellet. Meiwurkers dy't nei in byienkomst fan de FNV dêroer soenen, waarden drige mei ûntslach. It fakbûn wol binnen 14 dagen ferbettering fan de direksje, oars folgje aksjes. De direksje fan Kooistra ûntkent alle beskuldigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)