Ultimatum foar kattefrou

29 okt 2008 - 21:51

Kattefrou Jacqueline Claus út Sint Anne hat noch twa dagen om foar 29 katten in nij ûnderkommen te finen. De rjochtbank fan Ljouwert hat woansdei har beswier tsjin de gemeente It Bilt ôfwiisd.

Dy twong de frou om de opfang fan 39 swalkkatten yn har hûs werom te bringen nei tsien. Dit barde nei klachten fan de buert. De rjochter is it mei It Bilt iens en jout har oant 1 novimber de tiid om in oar plak te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)