Ultimatum fakbûnen foar ynstallaasjebedriuw Cofely Noord

14 mrt 2016 - 09:43

Fakbûnen CNV en FNV jouwe ynstallaasjebedriuw Cofely Noord in ultimatum. Dat is moandeitemoarn yngien en rint woanssdei om 18.00 oere ôf. De fakbûnen easkje in better sosjaal plan. As dat der net komt, dan komme de wurknimmers yn aksje. Mooglik lizze se sels it wurk del.

Cofely begûn ferline jier mei in reorganisaasje. Yn it noarden ferlieze 65 minsken harren baan. De fakbûnen wienen yn ûnderhanneling oer in sosjaal plan, mar dat waard yn febrewaris ôfbrutsen. Tûkelteammen binne de hichte fan de ûntslachfergoeding en jild foar opliedings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)