Ultimatum CNV/FNV tsjin Wagenborg rint om 12 oere ôf

11 maaie 2015 - 07:28
  • De Oerd fan rederij Wagenborg by Holwert

It ultimatum dat de fakbûnen FNV en CNV oan rederij Wagenborg steld hawwe rint moandei 11 maaie om 12 oere ôf. Foar dat tiidstip moat de feartsjinst mei in reaksje komme op de leaneask fan de fakbûnen. Dy wolle dat de leanen fan de 80 meiwurkers mei 1000 euro bruto yn it jier omheech gean.

FNV en CNV binne dêrneist min te sprekken oer it feit dat de feartsjinst bot besunigje wol op de arbeidsbetingsten fan de meiwurkers. Sa binne de taslaggen foar de drokke wykeintsjinsten al skrast. It personiel is boppedat ûntefreden oer de hege wurkdruk.

Oant no ta hawwe petearen tusken fakbûnen en Wagenborg noch neat opsmiten. De fakbûnen hawwe aksjes oankondige oft Wagenborg net reagearret op it ultimatum. Wat dy aksje ynhâlde sille, hawwe se noch neat oer sein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)