Ule heart net yn koai thús

02 feb 2009 - 06:31

Der binne in soad misstannen by it kweken en hâlden fan rôffûgels en ûlen. Derom lûke fûgelorganisaasjes oan de bel. Sa wurde in soad fûgels opfongen yn te lytse of ferkearde koaien.

Ek binne der hieltyd mear minsken dy't thús in rôffûgel hâlde, wylst sy net goed witte hoe't sy de bisten behannelje moatte. De fûgelorganisaasjes hawwe dêrom in rôffûgel- en ûle-oerlis oprjochte dat de misstannen yn kaart brocht hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)