Ulbe Zwaga wint yn Grou

21 jul 2001 - 00:00

It Ljouwerter skûtsje wie sneon de fluchste by de earste SKS-wedstriid yn Grou. "Wy binne gek op hurde wyn", sei de grutske matchwinner Ulbe Zwaga. It Langwarder skûtsje fan Anne Tjerkstra waard twadde, It Hearrenfean mei skipper Allard Syperda waard tredde.

Syperda ferlear letter in protest fan de nije SKS-skipper Jitze Grondsma, en krige dêrmei 14 strafpunten oan de broek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)