Ulbe Zwaga út SKS set

21 des 2002 - 00:00

Skipper Ulbe Zwaga fan it Ljouwerter skûtsje is net mear wolkom by de SKS. De trettjin oare skûtsjeskippers hawwe dat freedetejûn besluten. Der wiene 45 stimmen foar en tsien tsjin.

Reden is dat Zwaga de mêst fan syn skip ferstevige hat mei koalstof en dat is net neffens de originaliteitsregels. Ek fynt it SKS-bestjoer dat de Ljouwerter skûtsjeskipper him yn 'e media te negatyf útlitten hat oer de SKS. It roajemint is foar ûnbepaalde tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)