Ulbe Boes ûnderskieden

12 nov 2006 - 13:04

Ulbe Boes is sneontejûn ûnderskieden as lid yn de oarder fan Oranje Nassau troch Gerrit Krol, loko-boargemaster fan Ljouwert. Boes wennet yn Goutum en krijt de wurdearring foar syn frijwillige ynset yn de muzykwrâld.

Boes is al jierren belutsen by de Nederlânske Brassbandkampioenskippen. Ek is er al 30 jier belutsen by it Kristlik Bûn fan Muzykferieningen yn Fryslân. Boes krige de ûnderskieding sneon yn de Lawei yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)