Uitterdijk rydt PR yn Assen

25 apr 2008 - 19:02

Motorrider Jurjen_Uitterdijk fan De Westereen hat freed op it WK Supersport in poerbêste kwalifikaasje riden. Mei 1.45,20 ried er in persoanlik rekord op it sirkwy fan Assen. Dêrmei is er no al hast wis fan dielname oan de race fan snein. Sneon is noch in twadde kwalifikaasjemomint.

De 34-jierrige Uitterdijk makket syn debút op it wrâldkampioenskip. As it him slagget om him te pleatsen, is er de earste Fries dy't yn dy klasse op in wrâldkampioenskip riidt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)