UEFA: SC Hearrenfean nei Israel

28 aug 2004 - 11:19

Sportclub Hearrenfean hat yn 'e earste ronde fan it UEFA-kup toernoai lotte tsjin it Israelyske Maccabi Petach Tikva. Dy klub stiet op dit stuit sechde yn 'e Israelyske kompetysje en wûn yn 'e foarronde fan AEK Larnaca fan Sipris. De ploech ferlear dit jier in oefenwedstriid fan Zwolle mei 1-0.

De earste wedstriid is op 22 septimber yn Israel, de return is acht dagen letter. As Hearrenfean wint giet de ploech troch nei it UEFA-poulesysteem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)