UEFA nei Abe Lenstra stadion

18 sep 2006 - 11:12

Fuotbalklub Hearrenfean krijt woansdei in delegaasje fan fuotbalbûn UEFA op besite. Dy sil it Abe Lenstra-stadion ynspekteare. De UEFA docht dat by fjouwer stadions dêr't takom jier it EK foar spilers ûnder de 21 jier is. Neist it stadion yn Hearrenfean giet it om de de stadions yn Grins, Arnhim en Nijmegen. De UEFA sjocht nei saken as it fjild, de klaaikeamers, de ferljochting en de mooglikheden foar de media.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)