UEFA keurt Abe Lenstrastadion

01 des 2005 - 10:09

It Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean hat woansdei besite hân fan in delegaasje fan it Europeeske fuotbalbûn, UEFA. De officials wiene dêr om it stadion te keuren foar in grut toernoai.

Nederlân is ien fan de kandidaten om yn 2007 it Europeesk kampioenskip te organisearjen foar spilers dy't berne binne nei 1 jannewaris 1984. Dat EK is ek it Olympysk kwalifikaasjetoernoai foar de ploech fan trener Foppe de Haan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)