UEFA besjocht Abe Lenstrastadion

21 sep 2006 - 12:00

Minsken fan Europeesk Fuotbalbûn UEFA ha woansdei in besite brocht oan it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. Der binne ôfspraken makke oer it gebrûk fan it stadion by it EK foar spilers ûnder de 21 jier. Dat is takom jier fan 10 oant 23 juny yn Nederlân. Jong Oranje mei trener Foppe de Haan sil de iepeningswedstriid op It Hearrenfean spylje. Dêrneist krijt Hearrenfean ien heale finale wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)