Udo D. bliuwt 90 dagen langer yn foararrest

05 nov 2015 - 11:08
  • Justysje

It foararrest fan de 38-jierige Ljouwerter Udo D. wurdt nochris mei 90 dagen ferlingd. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke. Eks-tbs'er D. wurdt fertocht fan fjouwer geweldsynsidenten. Sa soe hy op 19 oktober lêstlyn in 68-jierrige frou deaslein hawwe yn Ljouwert. Ek soe hy trije oare froulju bedrige en mishannele hawwe en yn Ljouwert en Drachten.

Kommoasje oer frijlitting út klinyk
It geweldsinsidint hat foar in soad kommoasje soarge. D. waard yn augustus frijlitten út de klinyk yn Frjentsjer dêr't hy behannele waard nei syn finzenisstraf. Der soene gjin jurydyske mooglikheden wêze om him langer fêst te hâlden tsjin syn sin. Dy frijlitting is omstriden. Dit seit ûnder oaren heechlearaar forensyske psychology Robbert-Jan Verkes oan de Radboud Universiteit yn Nijmegen. Neffens him hie D. net frij komme meien.

Heechlearaar forensyske psychology Verkes

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)