UCI wol lisinsje Astana ynlûke

27 feb 2015 - 10:08
  • De Astana-ploech

It ynternasjonale hurdfytsbûn UCI wol de lisinsje fan de ploech fan Lieuwe Westra, de Astana-ploech, dochs ynlûke litte. Dêr tsjinnet it UCI in oanfraach foar yn by de lisinsje-kommisje. It bûn komt ta dit beslút nei in rapport oer Astana. Dêryn wurdt ûnder oare it antydopingbelied en it management fan Astana beskreaun. It rapport stiet heaks op wat Astana sels seit. Sa hawwe de ûndersikers fan it Italiaanske Iepenbier Ministearje belêstende ferklearrings krigen oer wurknimmers fan Astana.

As de ploech de lisinsje ferliest, meie se gjin grutte wedstriden, lykas de Tour de France en de Vuelta, mear ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)