Ubel Dijk folbringt Spartatlon

28 sep 2008 - 01:18

De Drachtster Ubel Dijk hat de 246 kilometer lange Spartatlon folbrocht. De start wie freedtemoarn oan de foet fan de Akropolis yn Athene en de einstreek lei yn Sparta. De 53-jierrige Dijk die 35 oeren, 37 minuten en 3 sekonden oer de leadswiere tocht.

Fan de 325 dielnimmers hellen mar 152 de einstreek binnen de limyttiid fan 36 oeren. Ien fan de útfallers wie Jenni de Groot út Ljouwert. De rinners hiene it benammen dreech mei de waarmte en it heuvelige terrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)