Tytsjerksteradiel wurdt net 'Sportgemeente fan it jier'

01 sep 2015 - 14:32

De gemeente Tytsjerksteradiel is net troch nei de finale fan de ferkiezing sportgemeente fan it jier. Dit is in wedstriid dy't organisearre wurdt troch de Vereniging Sport en Gemeenten, sportkoepel NOC*NSF en de Vereniging Nederlandse Gemeenten.

Tytsjerksteradiel helle wol de lêste 16. Dy moasten allegear in fragelist ynfolle. Ek moasten se oanjaan wat it ôfrûne jier it bêste plan foar sport west hat yn de gemeente. Op basis hjirfan binne trije finalisten selektearre: Arnhem, Gorinchem en Hoogeveen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)