Tytsjerksteradiel wint priis

08 des 2000 - 15:46

Tytsjerksteradiel hat de Energy Award yn de kategory 'Eigen Gebouwen' wûn. Novem BV, de Nederlânske ûndernimming foar enerzjy en miljeu, hat de gemeente de priis takend fanwege de bou fan it sportkompleks Wetterstins yn Burgum.

Troch ûnder oaren sinnepanelen is goed rekken holden mei it enerzjyferbrûk en it miljeu. De priis is tongersdei útrikt yn Groenkan, flakby Utert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)