Tytsjerksteradiel moat besunigje

30 apr 2004 - 00:00

De ûnreplik-saakbelesting yn Tytjerksteradiel giet mei 10% omheech. De gemeente hat takom jier 1 miljoen euro tekoart. Der sil ek besunige wurde op amtners en foar 500.000 euro oan rioelrjochten hefd wurde. De rest fan it jild moat út 'e reserves komme.

It tekoart komt troch de lege gemeentlike belestingen fan de ôfrûne jierren. Dêrtroch kin de legere útkearing út it gemeentefûns fan it Ryk net goed opfongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)