Tytsjerksteradiel: gjin fúzje

21 des 2007 - 10:55

Tytsjerksteradiel wol net fuseare mei oare gemeenten, útsein as it echt net oars kin. De gemeente wol leaver gearwurkje mei oare gemeenten as syn selsstannichheid kwytreitsje. Boargemaster en wethâlders skriuwe dat oan de gemeenteried. Se fine dat Tytsjerksteradiel wat maat en skaal oangiet besteansrjocht hat.

It kolleezje praat yntusken wol mei de buorgemeenten oer gearwurking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)