Tytsjerk net 'leukste' doarp

01 feb 2010 - 10:02

Tytsjerk is net it leukste doarp fan Nederlân. Dat is de útslach fan de finale fan de wedstryd 'Het Leukste Dorp van Nederland' fan jongerestjoerder TMF. Dy finale waard snein hâlden yn Volkel, dat ek de priis wûn.

Sa'n 120 jongeren út Tytsjerk wiene nei Volkel ôfreizge om oan de finale mei te dwaan. Dat koe troch in bydrage fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Neist Tytsjerk en Volkel wie ek Vierlingsbeek kandidaat foar de titel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)