Tyt'diel wol Alde Feanen ha

11 sep 2009 - 16:59
  • De Alde Feanen lûke in soad toeristen

Tytsjerksteradiel wol dat it nasjonaal park De Alde Feanen wer folslein yn syn gemeente komt te lizzen. Dat soe kinne as de gemeente Boarnsterhim yn de takomst opsplitst wurdt.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 lei it natuergebiet folslein yn Tytsjerksteradiel, mar dêrnei waard it grutste part grûngebiet fan Boarnsterhim. Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel wol dat it beslút fan doe weromdraaid wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)