Tyt'diel hâldt jild oer

02 maaie 2014 - 09:37
  • Gemeente Tytsjerksteradiel

Tytsjerksteradiel hat ôfrûne jier goed 6,5 ton oerhâlden. De grutste winst is makke op de útkearings út it gemeentefûns. Net allinnich dit jier, mar ek fan ferline jier wie der noch in pear ton oerbleaun. Wol moat de gemeente in soad jild bylizze fanwege de rjochtsaak fan Megahome: goed 9 ton. Ek de stoarmskea fan ôfrûne hjerst hat noch foar kosten soarge. Dat hat Tytsjerksteradiel mear as 2 ton koste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)