Tyt'diel drok mei stoarmskea

04 nov 2013 - 19:11

Yn Tytsjerksteradiel wurde de blêdkuorren dy't yn wenwiken en doarpen stean foarearst net lege. Meiwurkers fan de gemeente binne noch folop dwaande mei it opromjen fan houtôffal, blêden en tûken.

Blêdôffal op partikulier terrein kin oanbean wurde op it kompostearterrein. Lytse tûken hellet de gemeente tsjin betellling op. Grutten net, omdat dy net geskikt binne foar kompostearring. Nei de stoarm hat de gemeente mear as 500 meldings fan stoarmskea krigen. It duorret noch wol efkes foardat de bûtentsjinst alle skea opromme hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)