Tydskrift oer skiednis Ljouwert

28 maaie 2003 - 00:00

Ljouwert komt mei in rige fan achttjin tydskriften oer de skiednis fan de stêd. Ta de publikaasje wurdt oergien om't Ljouwert takom jier fiif ieuwen haadstêd fan Fryslân is.

It tydskrift sil fan novimber oant de maitiid fan 2005 rûnom te krijen wêze, sels yn supermerken. It komt ien kear yn 'e moanne út en sil mar in pear euro kostje. It moat foar elk wat te bieden ha, sport, polityk en taal, mar ek smeuiïge ferhalen oer moard en leafde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)