Tydlike ûntromming berneopfang

10 aug 2004 - 10:30

Berneopfang De Skarrelpleats fan 'e Jouwer hat moandei in pear oeren ûnt- romme west. Liedsters hearden in knal en rûkten in gaslucht. Alle bern waarden doe oerbrocht nei de oare lokaasje fan de berneopfang en de brân- wacht waard derby helle. De brânwacht en de gaswacht koene gjin gaslek fine.

Letter die bliken dat de knal en de gaslucht feroarsake is troch in plofte kondinsator fan in TL-balke. De bern koene wer werom nei De Skarrelpleats.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)