Tydlike iisbaan Talant iepene

14 okt 2002 - 00:00

Maratonreedrider Lammert Huitema hat moandei de iisbaan fan soarchsintrum Talant yn Drachten iepene. It giet om in tydlike baan foar de hjerstfakânsje.

Elkenien kin gebrûk meitsje fan de baan, mar der wurde ek spesjale aktiviteiten foar ferstanlik en mearfâldich handikapten organisearre. De oanlis fan de baan is stipe troch bedriuwen út Smellingerlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)