Tydlike Goederenbank wer iepen

18 aug 2010 - 09:55

De Goederenbank yn Ljouwert giet sneon wer iepen. Om 12.00 oere giet de needwinkel iepen. Heal july baarnde de Goederenbank folslein ôf. Der is no in tydlike romte fûn yn de sporthal fan de eardere Comeniusskoalle oan de Brandemeer. Minsken kinne dêr telâne foar goedkeap guod of in bakje kofje en in praatsje.

Der wurdt noch socht nei in definitive lokaasje foar de Goederenbank Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)