Tydlike ferhûzing handikapten

09 okt 2007 - 14:50

Tolve kliïnten fan Philadelphia Zorg wenje de kommende twa jier yn de groepsakkomodaasje fan de Grupstal yn Aldeboarn. De handikapte minsken wenje no noch op twa plakken yn Snits. Omdat dy hûzen ferboud wurde, moatte de kliïnten tydlik earne oars wenje. Yn novimber geane se nei Aldeboarn.

Yn de Grupstal kinne gewoanwei groepen te plak foar in famyljefeest of bedriuwsreiske. Groepen dy't al reservearre hiene, krije in oar plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)