'Tydlike asylsikerssintra ticht'

08 aug 2002 - 00:00

De sintra foar oanfoljende opfang fan asylsikers yn Peinjum, Wytmarsum en Boalsert geane nei alle gedachten yn 2003 ticht. Op de trije lokaasjes wurde 260 asylsikers opheind. It COA wol no fan 'e tydlike sintra ôf, omdat it tal asylsikers oan it ôfnimmen is.

De winteropfang yn 'e jeugdherbergen fan Grou en Heech giet ek net troch. Hjir wie romte foar 160 asylsikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)