Tydlik plan foar digitale TV

24 jul 2006 - 15:40

Stjoerderbehearder NoZeMa wol in tydlike stjoerder oansette yn Jirnsum om de omskeakeling fan analooch nei digitaal ein oktober mooglik te meitsjen. Soks is nedich omdat in nije stjoermêst yn Ljouwert noch net klear is.

Keamerlid Atsma (CDA) makket him soargen oer de omskeakeling. Hy wol fral mear dúdlikheid hawwe oer de kosten. Atsma wol sekerheid hawwe oer in alternatyf foar de âlde antenne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)