Tydlik 'molkflessebrêge' yn Wyns

17 jul 2000 - 12:01

Njoggentjintûzen lege molkflessen en trijehûndert Simmer 2000-reunisten wienen nedich om in brêge yn Wyns te bouwen. De tydlike brêge kaam op it plak dêr't gewoanwei it pontsje fart.

De bouwers setten de molkflessen yn in kret en al dy kretten mei elkoar foarmen de driuwende brêge. Lang neigenietsje fan it wurk koenen se yn Wyns net. De brêge moast sneintemoarn al wer fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)