Tydlik 'ienmansbestjoer'

30 maaie 2007 - 10:44
  • Kommissaris Nijpels koe in pear turbulinte gearkomsten foarsitte

Kommissaris Nijpels bestjoert op it stuit allinich de provinsje. Troch it opstappen fan trije deputearren binne der noch twa deputearren oer. Dat is neffens it steatsrjocht net genôch. Dêrom is Nijpels woansdei even de iennige bestjoerder yn it kolleezje.

Provinsjale Steaten prate noch oer de krisis, mar de kommissaris mei gjin ynhâldlike reaksjes jaan. Woansdeitemiddei wurde de nije deputearren ynstallearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)