Tydlik dokter yn Ternaard

25 jul 2001 - 00:00

Foar it húsdokters-probleem yn Ternaard is in tydlike oplossing fûn. Soarchfersekerder de Friesland hat yn oerlis mei de húsdokters yn de omjouwing regele dat de praktyk fan húsdokter Luyendijk tydlik oernaam wurdt troch waarnimmers. Dy oplossing jildt oant 1 jannewaris.

Luyendijk hâldt 1 augustus op. It slagge oant no ta net in opfolger te finen. It giet om 2300 pasjinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)