Tydlik direkteur foar KNKB

08 sep 2009 - 16:38

Keatsbûn KNKB hat in tydlike direkteur oansteld. René Lammers sil oant uterlik 2010 de organisaasje by it bûn liede. Dit om't direkteur Frans Dijkstra ynkoarten mei pinsjoen giet. Op 1 oktober leit dy syn funksje del. It bûn dat midden yn in reorganisaasje sit, wol dat de ynterim-direkteur dit proses fierder begeliedt.

Lammers hat earder ynterim-manager west by ûnder oare it iishockeybûn, it boksbûn en it rugbybûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)