Twongen ûntslaggen by VNN fan de baan

13 apr 2015 - 19:37
  • Webside Verslavingszorg Noord-Nederland

Sechstich meiwurkers fan Verslavingszorg Noord-Nederland (VNN) binne frijwillich opstapt. Dêrmei binne twongen ûntslaggen foarkaam. Yn desimber makke VNN bekend 110 fan de 800 arbeidsplakken op te heffen. No't genôch minsken gebrûk makke hawwe fan de regeling 'frijwillich opstappe', is dat net mear nedich. VNN is aktyf yn Fryslân, Grinslân en Drinte.

De kommende tiid siket VNN mear gearwurking mei oare organisaasjes om kosten te besparjen. Ek wurdt sjoen nei húsfesting en oft VNN gebrûk meitsje kin fan gebouwen fan soarchpartners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)