Twivels Smellingerlân oer Omrin

20 sep 2006 - 06:50

De gemeenteried fan Smellingerlân twivelet noch oft se it kontrakt mei ôffalferwurker Omrin opsizze moatte. Dat waard tiisdeitejûn dúdlik yn de riedskommisje.

Smellingerlân wol it hússmoargens ferwurkje litte troch Huisvuilcentrale Noord Holland yn Alkmaar. No wurdt dat dien troch Omrin. HVC kin de smoargens 20 oant 30 euro it húshâlden it jier goedkeaper ferwurkje. De ried is noch net oertsjûge fan dy sifers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)