Twivels oer weryndieling

17 jun 2009 - 22:05

Provinsjale steaten ha grutte fraachtekens by de weryndieling yn de Súdwesthoeke. Neffens de steaten is de weryndieling te hastich ta stân kaam. Dêrby komt dat it net dúdlik is oft der genôch draachflak is ûnder de befolking. Ek de needsaak foar de weryndieling is net genôch ûnderboud.

De steaten wolle dat der better lústere wurdt nei de krityk dy't komt út de befolking. Deputearre Galema seit goed nei de beswieren te sjen foardat it plan nei Den Haach giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)