Twitteraksje foar Omrop

23 sep 2010 - 13:53

Op Twitter is in aksje út ein set tsjin de mooglike besunigings op Omrop Fryslân. In ûnbekend persoan stjoert fan it account Netbesunigje Opomrop berjochten oan organisaasjes, politike partijen en persoanen. Dêr stiet yn 'Kom yn aksje tsjin de drastyske besunigings op Omrop Fryslân, nim in Twibbon'. De brûker kriget dan in pompeblêd op 'e eigen profylfoto.

De provinsje wol de kommende twa jier mear as in miljoen euro besunigje op 'e Omrop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)