Twisted Sister op Wâldrock

28 jan 2004 - 00:00

De Amerikaanske glamrockformaasje Twisted Sister spilet dizze simmer op it Wâldrockfestival. De band bestie sûnt 1972, skoarde harren grutste hitys yn 'e jierren '80 en gie yn 1986 út inoar. Sûnt koart binne se wer byinoar.

Oare acts dy't Wâldrock kontraktearre hat, binne: Monster Magnet, Cradle of Filth, Testament, Finntrolle en Cannibal Corpse. It festival wurdt hâlden op 19 juny. De foarferkeap begjint op 1 febrewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)