Twintske ferzje fan Lân

28 mrt 2010 - 14:19
  • Sytze Pruiksma (foto: Omrop Fryslân)

It Fryske súksesfolle film- en muzykprojekt Lân komt út yn in nije ferzje. 'Lân' bestiet út in film oer it Fryske lânskip mei dêrby muzyk fan komponist Sytze Pruiksma. It stik is yn 2008 spesjaal makke foar it Frysk Festival.

Der komt no in ferzy spesjaal foar Twinte by. Dêrfoar wurde nije filmopnames makke en wurdt nije muzyk komponearre. Pruiksma is útnoege om it Twintske Lân op it Dinkeldalfestival yn augustus op te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)