Twilling tagelyk beëdige

11 jul 2011 - 20:33

De Fryske twilling Akke Jagersma út Burgum en Geartsje Jagersma fan It Fean binne moandeitejûn yn Nieuwegein tagelyk beëdige ta NVM-makeler. De susters hiene earst beide in oare stúdzje op it each, mar beide besleaten om dochs wat oars te dwaan. En dat waard de makelerij. Se hawwe alles yn itselde tempo dien en leine no ek tagelyk de eed ôf.

Se wurkje net op itselde kantoar. Akke wurket by in makeler yn Drachten, Geartsje yn Heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)