Twifels ûnder bioboeren oer opheffen ophokplicht

09 feb 2015 - 23:45
  • hinnen

Biologyske boeren yn Fryslân hawwe mingde gefoelens oer it opheffen fan de ophokplicht foar hinnen. Sûnt snein moatte biologyske hinnen wer ferplicht nei bûten ta. Sûnt novimber sieten de bisten binnen om't yn it midden fan it lân fûgelgryp oantroffen waard by in tal hinnebuorkerijen. No't der al in oantal wiken gjin nije útbraken mear binne, wurdt de sitewaasje wer as feilich beskôge. Lang net alle hinneboeren binne dêr wiis mei. Seker no't der ek noch in grutte mûzepleach hearsket en dizze bisten sykten meinimme kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)