'Twifels oer útkomst ûndersyk'

23 apr 2013 - 12:23
  • Gemeentehûs Smellingerlân

Net alle belutsenen hawwe fertrouwen yn in goeie ôfrin fan in ûnôfhinklik ûndersyk nei it bestean fan in eangstkultuer yn it gemeentehûs fan Smellingerlân. Boargemaster en wethâlders wolle sa'n ûndersyk nei berjochten fan Omrop Fryslân dat in groep meiwurkers fan de gemeente him yntimidearre fielt en dêr net oer doart te kleien.

Jantina Pool fan Drachten is ien fan de minsken dy't mei har ferhaal nei bûten kaam is. Sy is benaud dat de wierheid troch 'vriendjespolitiek' ek mei in ûndersyk net boppe wetter komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)